Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Jehovah’s Getugen

Frysk

Hoe sjogge jo de takomst?

Hoe sjogge jo de takomst?

Sil it yn ’e wrâld . . .

  • better wurde?

  • slimmer wurde?

  • gelyk bliuwe?

 WAT SEIT DE BIBEL?

“God (...) sil harren alle triennen út ’e eagen feie, en de dea sil der net mear wêze, likemin as rouwe, gegûl of pine; want al it âlde is foarby.” — Iepenbiering 21:3, 4, Nije Fryske Bibeloersetting.

WAT KIN DAT FOAR JO BETSJUTTE?

Sinfol wurk dwaan dêr’t jo nocht oan hawwe. — Jesaja 65:21-23.

Gjin sykte, ellinde of fertriet mear. — Jesaja 25:8; 33:24.

Ivich libje en gelokkich wêze. — Psalm 37:11, 29.

 KINNE WY ECHT LEAUWE WAT DE BIBEL SEIT?

Ja, omreden fan:

  • God hat de macht om syn belofte wier te meitsjen. Yn de Bibel wurdt Jehovah God as iennichste almachtich neamd, om’t syn macht sûnder ein is (Iepenbiering 15:3). Der stiet him neat yn ’t paad om syn belofte nei te kommen en te soargjen foar in bettere wrâld. De Bibel seit ommers: “By God is alles mooglik.” — Mattéus 19:26.

  • God wol hiel graach dy belofte wiermeitsje. Jehovah sjocht der tige nei út om minsken dy’t ferstoarn binne, it libben werom te jaan. — Job 14:14, 15.

    De Bibel seit ek dat Gods Soan, Jezus, de siken wer better makke. Wêrom? Hy woe dat graach (Markus 1:40, 41). Krekt lykas syn Heit woe Jezus minsken yn noed helpe. — Johannes 14:9.

    Wy kinne dêrom wis wêze dat Jehovah en Jezus ús helpe wolle in gelokkige takomst te krijen. — Psalm 72:12-14; 145:16; 2 Petrus 3:9.

 OM OER NEI TE TINKEN

Hoe sil God soargje foar in bettere wrâld?

De Bibel jout antwurd op dy fraach yn MATTÉUS 6:9, 10 en DANIËL 2:44.