Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Jehovah’s Getugen

Frysk

Wa hat de macht oer de wrâld?

Wa hat de macht oer de wrâld?

Is dat neffens jo . . .

  • God?

  • de mins?

  • in oar?

 WAT SEIT DE BIBEL?

“Dat de hiele wrâld yn ’e macht fan ’e kweade leit.” — 1 Johannes 5:19, Nije Fryske Bibeloersetting.

“Dêrom krekt is de Soan fan God ferskynd: om it wurk fan ’e duvel te ferneatigjen.” — 1 Johannes 3:8.

WAT KIN DAT FOAR JO BETSJUTTE?

In logyske ferklearring foar de swierrichheden yn ’e wrâld. — Iepenbiering 12:12.

Grûn om te leauwen dat der in bettere wrâld komme sil. — 1 Johannes 2:17.

 KINNE WY ECHT LEAUWE WAT DE BIBEL SEIT?

Ja, omreden fan:

  • De hearskippij fan de duvel rint op syn ein. Jehovah is fêst fan doel in ein te meitsjen oan de macht dy’t de duvel oer de minsken hat. Hy seit ta ‘de duvel oan kant te reagjen’ en alle skea dy’t Satan, de duvel, oanrjochte hat ûngedien te meitsjen. — Hebreeërs 2:14.

  • God hat Jezus Kristus útkeazen om de wrâld te bestjoeren. Jezus is folslein oars as de wrede en egoistyske hearsker fan no. God foarseit oer it regear fan Jezus: “It deart him oan om de swakke en earme, en de earmen rêdt er it libben. Fan ferdrukking en geweld makket er har frij.” — Psalm 72:13, 14.

  • God kin net lige. De Bibel seit rûnút dat God ûnmooglik lige kin (Hebreeërs 6:18). As Jehovah wat taseit, dan is it foar him al sa goed as dien! (Jesaja 55:10, 11) De hearsker fan dizze wrâld sil útband wurde. — Johannes 12:31.

 OM OER NEI TE TINKEN

Hoe sil it libben wêze as de hearsker fan dizze wrâld ferfongen is?

De Bibel jout antwurd op dy fraach yn PSALM 37:10, 11 en IEPENBIERING 21:3, 4.