Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

Lústerje nei God en libje foar altyd

 DIEL 9

Wannear komt it paradys?

Wannear komt it paradys?

De swierrichheden op ierde bewize dat Gods keninkryk gau komt. Lukas 21:10, 11; 2 Timóteüs 3:1-5

In soad dingen dy’t wy no om ús hinne sjogge binne foarsein yn de Bibel. Minsken binne wreed. Fûl op jild. Sy wolle allinne mar wille meitsje. Bern lústerje net nei har âlden.

De Bibel seit dat der swiere ierdbevings wêze sille, oarloch, honger en sykte. Dat is krekt hoe’t it der hjoed-de-dei om en ta giet.

Jezus sei ek: Oer de hiele wrâld sille minsken it goede nijs oer Gods keninkryk fertelle.​—Mattéus 24:14.

 Gods keninkryk makket in ein oan alle kwea. 2 Petrus 3:13

Meikoarten sil Jehovah in ein meitsje oan it libben fan alle minne minsken.

Satan en syn demoanen sille straft wurde.

Elkenien dy’t nei God lústerje wol, sil yn libben bliuwe. Gjin mins sil mear bang wêze. Minsken sille elkoar fertrouwe en fan elkoar hâlde.