Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

Lústerje nei God en libje foar altyd

 DIEL 7

Wa wie Jezus?

Wa wie Jezus?

Jehovah stjoerde Jezus nei de ierde. 1 Johannes 4:9

Jehovah wol graach dat wy ek nei in oar belangryk persoan lústerje. Al folle earder as Adam, makke Jehovah in belangrike ingel yn ’e himel.

Nei ferrin fan tiid stjoerde Jehovah him nei de ierde. Hy waard berne yn Betlehem as soan fan Maria. Hy krige de namme Jezus.​—Johannes 6:38.

Jezus wie krekt as Jehovah. Hy wie leaf, freonlik en minsken koene altyd by him terjochte. Hy fertelde moedich de wierheid oer Jehovah.

 Jezus die goed mar waard hate. 1 Petrus 2:21-24

Ek makke Jezus de siken wer better en joech hy it libben werom oan minsken dy’t stoarn wiene.

De Joadske lieders haten Jezus. Want hy sei: Wat jimme dogge en sizze doocht net.

De Joadske lieders woene Jezus dea hawwe. Dat putsje lieten se de Romeinen opknappe. Sa waard Jezus wreed ôfrânsele en úteinlik deamakke.