Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

Lústerje nei God en libje foar altyd

 DIEL 10

Wêr kinne wy nei útsjen as wy nei God lústerje?

Wêr kinne wy nei útsjen as wy nei God lústerje?

De measte minsken dy’t no dea binne, krije in opstanning op ierde. Hannelingen 24:15

Tink ris oan de moaie dingen dy’t ús te wachtsjen steane as wy nei Jehovah lústerje! Wy sille folslein sûn wêze. Gjin mins is mear siik of beheind. Der sille allinne mar goede minsken wêze. Wy kinne echt fan elkoar op oan.

Gjin pine, gjin fertriet, gjin triennen. It sil der gewoan net mear wêze. Gjin mins is âld en te’n ein. Gjinien giet dea.

 It libben yn it paradys is hiel moai. Wy hawwe famylje en freonen om ús hinne.

Gjin mins is mear bang. Elk is hielendal gelokkich.

Gods keninkryk makket in ein oan al it lijen. Iepenbiering 21:3, 4