Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

Lústerje nei God en libje foar altyd

 DIEL 6

Wat leare wy fan de grutte wetterfloed?

Wat leare wy fan de grutte wetterfloed?

God hat Noäch en syn gesin rêden, mar de minne minsken gongen dea. Genesis 7:11, 12, 23

It reinde dat it eaze. Fjirtich dagen en fjirtich nachten lang. De hiele wrâld kaam ûnder wetter te stean. Sadwaande gongen alle minne minsken dea.

De opstannige ingels gongen werom nei de himel. Se waarden demoanen.

Elk dy’t yn ʼe arke wie, bleau yn libben. Letter binne Noäch-en-dy ek gewoan deagien. Mar God sil se it libben weromjaan. Dan kinne se foar altyd libje.

 Meikoarten rêdt God opnij de goede minsken, mar minne minsken geane dea. Mattéus 24:37-39

It is no noch altyd sa dat Satan en syn demoanen minsken misliede.

Ek hjoed-de-dei wolle in soad minsken neat fan Jehovah witte, lykas yn ’e tiid fan Noäch. Meikoarten sil Jehovah in ein meitsje oan it libben fan alle minne minsken.​—2 Petrus 2:5, 6.

Der binne ek minsken sa as Noäch. Se lústerje nei God en dogge wat hy seit. Dat binne Jehovah’s Getugen.