Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

Lústerje nei God en libje foar altyd

 DIEL 1

Hoe kinne wy nei God lústerje?

Hoe kinne wy nei God lústerje?

Yn de Bibel stiet wat God tsjin ús seit. 2 Timóteüs 3:16

God hat syn gedachten troch minsken opskriuwe litten yn de Bibel. Dêrom is dat in hiel bysûnder boek. Der steane belangrike dingen yn en God wol graach dat wy dy witte.

God wit alles. Wy kinne fan him leare wat it bêste foar ús is. Troch nei God te lústerjen, witte wy wat wiis en ferstannich is.​—Spreuken 1:5.

God wol graach dat alle minsken de Bibel lêze. Dêrom is de Bibel der yn in hiel soad talen.

Wolle wy nei God lústerje, dan moatte wy de Bibel lêze en begripe.

 Oer de hiele wrâld leare sy minsken wa’t God is. Mattéus 28:19

Jehovah’s Getugen kinne jo helpe de Bibel te begripen.

Oeral op ierde lústerje minsken nei God.

De lessen binne fergees. Jo kinne ek oer God leare yn de Keninkryksseal fan Jehovah’s Getugen.