Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

Lústerje nei God en libje foar altyd

 DIEL 5

De grutte wetterfloed: Wa lústeren en wa net?

De grutte wetterfloed: Wa lústeren en wa net?

De measte minsken yn Noäch syn tiid diene allinne mar wat ferkeard wie. Genesis 6:5

Adam en Eva krigen bern. Sa kamen der hieltyd mear minsken by. Guon ingels kamen lykas Satan tsjin God yn opstân.

Dizze ingels kamen nei de ierde. Se feroaren harrensels en liken doe op mannen. Dat sadwaande koene se trouwe mei de froulju. Harren soannen wiene wreed en folle sterker as gewoane minsken.

Sa kaam it dat de ierde fol rekke mei minsken dy’t rûnút diene wat min wie. Alles wat harren yn it sin kaam wie allinne mar ferkeard. De Bibel seit dat harren ferkeardens oanboaze.

 Noäch lústere nei God en boude in arke. Genesis 6:13, 14, 18, 19, 22

Noäch wie in goede man. Jehovah sei tsjin Noäch: Ik sil de minne minsken fuortfeie troch in grutte wetterfloed.

God sei ek dat Noäch in grutte boat, in arke, bouwe moast. Hjir moast Noäch mei syn húshâlding en alle soarten fan bisten yn gean.

Noäch warskôge de minsken dat de grutte floed komme soe. Mar se woene net om lyk. Guon laken him út en oaren haten him.

Doe’t de arke klear wie, brocht Noäch alle bisten nei binnen.