Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Taal selektearje Frysk

 DIEL 8

Wat betsjut de dea fan Jezus foar ús?

Wat betsjut de dea fan Jezus foar ús?

Jezus is stoarn sadat wy foar altyd libje kinne. Johannes 3:16

It wie trije dagen nei Jezus’ dea. In pear froulju gongen nei it grêf, mar dat wie leech. Jezus libbe wer.

Net folle letter seagen Jezus syn freonen him.

Jehovah hie Jezus it libben weromjûn. Hy wie no in machtige ingel. Syn learlingen seagen dat hy nei de himel weromgong.

 God joech Jezus in opstanning en makke him kening fan Gods keninkryk. Daniël 7:13, 14

Jezus joech syn libben foar alle minsken. Dat is de lospriis (Mattéus 20:28). Dêrtroch kin God ús foar ivich libje litte.

Jehovah makke Jezus kening yn de himel. Jezus sil oer de ierde regearje tegearre mei 144.000 trouwe minsken. Sy geane ek nei de himel. Dizze goede regearing mei Jezus as kening is Gods keninkryk.​—Iepenbiering 14:1-3.

Gods keninkryk sil fan dizze ierde in paradys meitsje. Der is dan gjin oarloch, kriminaliteit, earmoede en honger mear. Minsken sille echt gelokkich wêze.​—Psalm 145:16.