Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Jehovah’s Getugen

Frysk

Komt der oait in ein oan it lijen?

Komt der oait in ein oan it lijen?

Wat tinke jo? . . .

  • ja

  • nee

  • miskien

 WAT SEIT DE BIBEL?

“God (...) sil harren alle triennen út ’e eagen feie, en de dea sil der net mear wêze, likemin as rouwe, gegûl of pine.” — Iepenbiering 21:3, 4, Nije Fryske Bibeloersetting.

WAT KIN DAT FOAR JO BETSJUTTE?

Wis wêze dat it net God syn skuld is. — Jakobus 1:13.

Treast fine om’t it God begruttet wat jo meimeitsje. — Sacharja 2:12.

De hoop hawwe dat alle pine en fertriet ophâlde sil. — Psalm 37:9-11.

 KINNE WY ECHT LEAUWE WAT DE BIBEL SEIT?

Ja, omreden fan:

  • God hat in ôfgryslike hekel oan lijen en ûnrjocht. Tink oan hoe’t Jehovah God him fielde doe’t syn folk yn Bibelske tiden wreed mishannele waard. De Bibel seit dat it God ‘begrutte as hja ûnder har ferdrukkers suchten.’ — Rjochters 2:18.

    God is der hiel dúdlik oer wat hy fynt fan minsken dy’t oaren ûnrjocht oandogge. Sa stiet der yn ʼe Bibel ûnder oare dat God in ôfgriis hat fan “hannen dy’t ûnskuldich bloed ferjitte.” — Spreuken 6:16, 17.

  • God jout om elk fan ús. “Elk ken ommers syn eigen pleach en fertriet”, mar ek Jehovah wit dat. — 2 Kroniken 6:29, 30.

    Mei help fan syn keninkryk sil Jehovah meikoarten in ein meitsje oan it lijen fan eltsenien (Mattéus 6:9, 10). Yn de tuskentiid treast en stipet hy minsken dy’t him oprjocht kennen leare wolle. — Hannelingen 17:27; 2 Korintiërs 1:3, 4.

 OM OER NEI TE TINKEN

Wêrom lit God lijen ta?

De Bibel jout antwurd op dy fraach yn ROMEINEN 5:12 en 2 PETRUS 3:9.