Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Jehovah’s Getugen

Frysk

Wat is it keninkryk fan God?

Wat is it keninkryk fan God?

Tinke jo . . .

  • it sit yn jo hert?

  • it is in regear yn de himel?

  • it is wat oars?

 WAT SEIT DE BIBEL?

“De God fan de himel [sil] in keninkryk opkomme litte, dat foar ivich net te neate makke wurdt.” — Daniël 2:44, Nije Fryske Bibeloersetting.

“In soan is ús jûn en de hearskippij leit op syn skouder.” — Jesaja 9:5.

WAT KIN DAT FOAR JO BETSJUTTE?

  • In rjochtfeardige regearing dy’t ta jo eigen bêst is. — Jesaja 48:17, 18.

  • Hielendal sûn en gelokkich wêze yn in takomstige nije wrâld. — Iepenbiering 21:3, 4.

 KINNE WY ECHT LEAUWE WAT DE BIBEL SEIT?

Ja, omreden fan:

  • Jezus hat sjen litten wat it keninkryk fan God dwaan sil. Jezus learde syn folgelingen te bidden om de komst fan Gods keninkryk en oft Gods wil op ierde dien wurde mei (Mattéus 6:9, 10). Hy hat sjen litten hoe’t dat gebed ferheard wurde sil.

    Doe’t Jezus op ierde wie, joech hy de minsken dy’t honger hienen te iten, makke de siken wer better en joech de deaden it libben werom! (Mattéus 15:29-38; Johannes 11:38-44) As takomstige Regearder fan Gods keninkryk hat Jezus alfêst sjen litten watfoar moais oft it keninkryk foar minsken dwaan sil — Iepenbiering 11:15.

  • De wrâldsituaasje lit dúdlik útkomme dat Gods keninkryk meikoarten komme sil. Jezus hat foarsein dat yn de tiid flak foardat it keninkryk frede bringt op ierde, de wrâld teistere wurde sil troch oarloch, honger en ierdbevings — Mattéus 24:3, 7).

    Dat is no krekt wat wy hjoed-de-dei om ús hinne sjogge. Dêrom kinne wy der wis fan wêze dat Gods keninkryk meikoarten in ein meitsje sil oan al dizze swierrichheden.

 OM OER NEI TE TINKEN

Hoe sil it libben wêze as Gods keninkryk oer de ierde regearret?

De Bibel jout antwurd op dy fraach yn PSALM 37:29 en JESAJA 65:21-23.