Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

God hat goed nijs foar ús!

 LES 10

Hoe kinne jo it wiere geloof werkenne?

Hoe kinne jo it wiere geloof werkenne?

1. Is der mar ien wier geloof?

“Hoedzje jim foar de falske profeten.”MATTÉUS 7:15.

Jezus learde syn folgelingen mar ien geloof, it wiere geloof. It is as in wei nei it ivige libben. Jezus sei hjiroer: “Der binne mar in bytsje dy’t dy fine” (Mattéus 7:14). God akseptearret allinne oanbidding dy’t basearre is op de Bibel. Alle wiere oanbidders binne ferienige yn ien geloof.Lês Johannes 4:23, 24; 14:6; Efeziërs 4:4, 5.

2. Wat sei Jezus oer falske kristenen?

“Se hâlde út, dat se God kenne, mar mei har dieden geane se dêr lyk tsjinyn.”TITUS 1:16.

Jezus warskôge dat falske profeten it Kristendom bedjerre soene. Sa op it each lykje it wiere kristenen. De tsjerken dêr’t se hinne geane sizze Kristlik te wêzen. Mar jo kinne witte wat de wiere aard fan dizze minsken is. Hoe? Allinne it wiere geloof makket fan minsken echte kristenen dy’t jo derút kenne oan harren persoanlikheid en libbenswize.Lês Mattéus 7:13-23.

3. Hoe kinne jo wiere kristenen werkenne?

Tink ris nei oer dizze fiif kenmerken:

  • Wiere kristenen hawwe respekt foar de Bibel as it Wurd fan God. Se stribje dernei de prinsipes út de Bibel ta te passen yn harren deistich libben. De wiere religy is dus oars as religy dy’t basearre is op minsklike ideeën (Mattéus 15:7-9). Wiere kristenen sizze net it iene, wylst se it oare dogge.Lês Johannes 17:17; 2 Timóteüs 3:16, 17.

  •   Wiere folgelingen fan Jezus earje Gods namme Jehovah. Jezus eare Gods namme troch dizze bekend te meitsjen. Hy holp minsken God kennen te learen en learde harren te bidden: “Lit jo namme hillige wurde” (Mattéus 6:9). Hokker religy makket yn jo omkriten Gods namme bekend?Lês Johannes 17:26; Romeinen 10:13, 14.

  • Wiere kristenen meitsje Gods keninkryk bekend. God stjoerde Jezus om it goede nijs fan it keninkryk bekend te meitsjen. Gods keninkryk is de iennichste hoop foar de minskheid. Oant de dei fan syn dea ta spriek Jezus oer it keninkryk (Lukas 4:43; 8:1; 23:42, 43). Hy sei dat ek syn folgelingen it keninkryk bekend meitsje soene. As jo troch immen oansprutsen wurde oer it keninkryk fan God, by hokker religy heart dizze persoan dan meastentiids?Lês Mattéus 24:14.

  • Jezus’ folgelingen hearre net by dizze goddeleaze wrâld. Jezus’ folgelingen falle op omʼt se harren net ynlitte mei politike en maatskiplike konflikten (Johannes 17:16; 18:36). Ek nimme se it skealike dwaan en litten fan dizze wrâld net oer.Lês Jakobus 4:4.

  • Wiere kristenen falle op troch de leafde foar elkoar. Sy leare út de Bibel elke etnyske groep te respektearjen. Alhoewol’t falske religys faak stipe jûn hawwe oan oarloggen, dogge wiere kristenen dat pertinint net (Micha 4:1-3). Wiere kristenen sette just graach harren tiid en middels yn om oaren te helpen en oan te moedigjen.Lês Johannes 13:34, 35; 1 Johannes 4:20.

4. Kenne jo it wiere geloof derút?

Hokker religy basearret al har learstellingen op de Bibel, earet Gods namme en makket Gods keninkryk bekend as iennichste hoop foar de minskheid? Wa hawwe leafde foar oaren en dogge út noch yn net mei oan oarloch? Wat tinke jo?Lês 1 Johannes 3:10-12.