Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

God hat goed nijs foar ús!

 LES 8

Wêrom lit God kwea en ellinde ta?

Wêrom lit God kwea en ellinde ta?

1. Hoe is it kwea begûn?

God hat minsklik bestjoer lang genôch talitten om dúdlik te meitsjen dat sy de problemen op ierde net oplosse kinne

It kwea op ierde begûn doe’t Satan de earste leagen fertelde. Satan wie earst in folmakke ingel, mar hy hold him net by de wierheid (Johannes 8:44). Hy waard jaloersk op de oanbidding dêr’t allinne God rjocht op hat. Dat woe hy foar himsels hawwe. Satan liigde tsjin Eva, de earste frou, en helle har oer om nei him te lústerjen yn stee fan nei God. Adam gong deryn mei en hold him krekt as Eva net oan Gods gebod. Adam syn beslút wie it begjin fan lijen en de dea.Lês Genesis 3:1-6, 19.

Doe’t Satan Eva foarhold om net nei God te lústerjen, sette hy in opstân op tou tsjin Gods bestjoer en syn posysje as Allerheechste. It gros fan de minsken is Satan efterneirûn troch God as Regearder ôf te wizen. Sa is Satan “de foarst fan ʼe wrâld” wurden.Lês Johannes 14:30; 1 Johannes 5:19.

2. Mankearre der wat oan Gods skepping?

Alles wat God docht en makket is perfekt. De minsken en ingels dy’t God skepen hie, wiene by machte harren folslein oan Gods geboaden te hâlden (Deuteronomium 32:4, 5). God hat ús de frijheid jûn om te kiezen tusken it goede en it kweade. Dy frijheid jout ús de mooglikheid om God sjen te litten dat wy fan him hâlde.Lês Jakobus 1:13-15; 1 Johannes 5:3.

3. Wêrom lit God no noch altyd lijen ta?

Jehovah lit de opstân tsjin syn bestjoer tydlik ta. Wêrom? Om dúdlik te meitsjen dat minsken harrensels hielendal net bestjoere kinne (Preker 7:29; 8:9). Nei 6.000 jier minsklike skiednis is it  wol dúdlik wurden. Minsklik bestjoer is der net yn slagge in ein te meitsjen oan oarloch, kriminaliteit, ûnrjocht of sykte.Lês Jeremia 10:23; Romeinen 9:17.

Yn tsjinstelling ta minsklik bestjoer sil Gods bestjoer minsken allinne mar goed dwaan (Jesaja 48:17, 18). It sil net lang mear duorje en dan sil God in ein meitsje oan alle minsklike regearingen. Allinne minsken dy’t kieze foar Gods bestjoer sille op ierde libje.—Jesaja 11:9.Lês Daniël 2:44.

4. Watfoar kâns hawwe wy troch Gods geduld?

Satan bewearde dat minsken Jehovah allinne oanbidde om der sels better fan te wurden. Wolle jo bewize dat dit net wier is? Dat kin! Troch Gods geduld hawwe wy allegearre de kâns om sjen te litten oft wy Gods bestjoer leaver hawwe of dat fan minsken. Hoe’t wy libje jout oan wêr’t wy foar kieze.Lês Job 1:8-12; Spreuken 27:11.

5. Hoe kinne wy foar God as ús Regearder kieze?

Wêr’t wy foar kieze jout oan oft wy God as Regearder wolle of net

Wy kinne foar God as ús Regearder kieze troch te ûndersykjen wat wiere oanbidding ynhâldt en dat yn praktyk te bringen. Wiere oanbidding is basearre op Gods Wurd de Bibel (Johannes 4:23). Wy kinne Satan as ús regearder ôfwize troch ús net yn te litten mei polityk en oarloch, krekt sa’t Jezus dat die.Lês Johannes 17:14.

Satan brûkt syn macht om ymmorele en skealike saken oantreklik lykje te litten. Sa gau’t wy soksoarte fan saken ôfwize, kin it wêze dat guon freonen of famylje ús de gek oanstekke of it ús lestich meitsje (1 Petrus 4:3, 4). Wy moatte dus kieze. Sille wy ús freonen sykje by minsken dy’t fan God hâlde? Sille wy libje neffens Gods wize en leafdefolle wetten? Troch dat te dwaan, bewize wy dat Satan liigde doe’t er sei dat ûnder druk gjin mins mear nei God lústerje sil.Lês 1 Korintiërs 6:9, 10; 15:33.

Gods leafde foar minsken jout ús de garânsje dat der in ein komme sil oan kwea en ellinde. Elk dy’t derfan oertsjûge is dat Gods manier fan regearjen it bêste is en der ek neffens docht, sil foar ivich op ierde libje.Lês Johannes 3:16.