Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Taal selektearje Frysk

 LES 6

Watfoar hoop is der foar de deaden?

Watfoar hoop is der foar de deaden?

1. Wat betsjut it goede nijs foar minsken dy’t stoarn binne?

Lazarus wie al fjouwer dagen dea doe’t Jezus yn Betanië, in doarp yn ’e buert fan Jeruzalem, oankaam. Jezus gong nei it grêf fan syn freon tegearre mei Marta en Maria, de susters fan Lazarus. Al gau kaam der in kloft folk op ôf. Kinne jo jo yntinke dat Marta en Maria fan blidens net wisten wat se earst of lêst dwaan moasten doe’t Jezus harren broer it libben weromjoech?Lês Johannes 11:21-24, 38-44.

Marta wie al op ’e hichte fan it goede nijs foar minsken dy’t stoarn binne. Se wist dat Jehovah harren in opstanning jaan sil om wer op ierde te libjen.Lês Job 14:14, 15.

2. Wat bart der as wy deageane?

God sei tsjin Adam: “Want stof biste en stof silst wer wurde.”GENESIS 3:19.

Minsken binne út stof makke (Genesis 2:7; 3:19). Wy binne gjin geasten dy’t yn in lichem fan fleis en bloed wenje. Dat hâldt yn dat der neat fan ús fierder libbet as wy deageane. Us brein hâldt der mei op en ek ús tinken stoppet. Lazarus koe dan ek neat fertelle oer de tiid dat er dea wie, want minsken dy’t dea binne, binne harren fan neat bewust.Lês Psalm 146:4; Preker 9:5, 6, 10.

Is it sa dat God minsken nei de dea yn fjoer piniget? Sa’t wy sjoen hawwe, seit de Bibel dat de deaden harren fan neat bewust binne. Dêrom is de lear fan in brânende hel in leagen wêrtroch God de skuld krijt fan eat wat er nea dwaan soe. It hiele idee fan it marteljen fan minsken yn fjoer griist God oan.Lês Jeremia 7:31.

 3. Kinne de deaden mei ús prate?

De deaden kinne net prate en net hearre (Psalm 115:17). Mar guon ingels binne goddeleas en besykje mei minsken te praten. Sy dogge harren foar as minsken dy’t stoarn binne (Judas 6). Jehovah stiet ús net ta kontakt mei de deaden te sykjen.Lês Deuteronomium 18:10, 11.

4. Wa sille in opstanning krije?

Miljoenen en miljoenen minsken dy’t no dea binne, sille in opstanning op ierde krije. Sels guon dy’t God net koene of dy’t ferkearde dingen dien hawwe sille in opstanning krije.Lês Psalm 37:29; Hannelingen 24:15.

Dizze minsken krije dan de kâns om de wierheid oer God te hearren en sjen te litten dat se leauwe yn Jezus troch nei him te lústerjen (Iepenbiering 20:11-13). Minsken dy’t in opstanning krije en it goede dogge, sille foar ivich op ierde libje meie.Lês Johannes 5:28, 29.

5. Wat seit de opstanning ús oer Jehovah?

Der is hoop foar de deaden omdat God syn Soan stjoerd hat om foar ús te stjerren. De opstanning fertelt ús dus oer Jehovah’s leafde en goedens; in goedens dy’t ús ûnfertsjinne betoand wurdt. Nei wa sjogge jo út as de deaden in opstanning krije?Lês Johannes 3:16; Romeinen 6:23.