Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

God hat goed nijs foar ús!

 LES 9

Wat makket in gesin gelokkich?

Wat makket in gesin gelokkich?

1. Wêrom is it houlik essinsjeel foar in gelokkich gesin?

It goede nijs komt fan Jehovah, de sillige God oftewol de gelokkige God. Hy wol graach dat gesinnen gelokkich binne (1 Timóteüs 1:11). Hy is de grûnlizzer fan it houlik. In wettich houlik is essinsjeel foar it gelok yn in gesin, omdat it soarget foar in feilige en fertroude omjouwing om bern grut te bringen. Kristenen moatte harren oan de wetten fan it lân hâlde foar it fêstlizzen fan it houlik.Lês Lukas 2:1, 4, 5.

Hoe tinkt God oer it houlik? Hy wol dat in man en frou dy’t troud binne foar altyd byelkoar bliuwe en trou bliuwe oan elkoar (Hebreeërs 13:4). De Bibel seit dat Jehovah “it forlitten hatet” (Maleächy 2:16, Wumkes-bibel). Mar hy stiet kristenen ta om te skieden en opnij te trouwen as ien fan beiden de trou brekt.Lês Mattéus 19:3-6, 9.

2. Hoe moatte man en frou mei elkoar omgean?

Jehovah hat man en frou sa makke dat se elkoar oanfolje yn it houlik (Genesis 2:18). As haad fan it gesin moat de man de lieding nimme yn it ûnderhâlden fan syn frou en bern, en harren ûnderwize oer God. Hy hâldt fan syn frou en moat dêrby syn eigen belang oan ʼe kant sette foar har. Man en frou moatte leafde en respekt foar elkoar hawwe. Omdat gjinien fan beiden perfekt is, is it belangryk dat elk syn bêst docht te ferjaan. Dat is needsaaklik foar in gelokkich houlik.Lês Efeziërs 4:31, 32; 5:22-25, 33; 1 Petrus 3:7.

3. Moatte wy útinoar gean as wy in ûngelokkich houlik hawwe?

As it houlik yn swier waar sit, moatte beiden muoite dwaan om leafde foar elkoar te toanen (1 Korintiërs 13:4, 5). De Bibel riedt byinoar wei gean net oan as in  manier om problemen op te lossen dêr’t elk houlik mei te krijen hat.Lês 1 Korintiërs 7:10-13.

4. Bern, hoe tinkt God oer jimme?

Jehovah wol dat jimme gelokkich binne. Syn rie is de bêste rie dy’t der is. Dêrmei helpt hy jimme om te genietsjen fan jimme jonge jierren. Hy wol graach dat jimme leare fan de wiisheid en ûnderfining fan jimme heit en mem (Kolossers 3:20). Jehovah sjocht ek graach dat jimme sels ûnderfine hoe moai oft it is om dingen foar jimme Skepper en syn Soan te dwaan.Lês Preker 11:9–12:1; Mattéus 19:13-15; 21:15, 16.

5. Heiten en memmen, wat hawwe jimme bern nedich om gelokkich te wêzen?

Jimme moatte jimme bêst dwaan foar de bern troch te soargjen foar brea op ʼe planke, in noflik thús en dat elk goed yn ʼe klean sit (1 Timóteüs 5:8). Mar bern sille echt gelokkich wêze as heit en mem harren leare hoe’t sy fan God hâlde en nei him lústerje kinne (Efeziërs 6:4). It kin in djippe útwurking op it moed fan jimme bern hawwe as sy sjogge dat jimme fan God hâlde. Oanwizingen dy’t basearre binne op de Bibel, kinne in posityf effekt op harren tinken hawwe.Lês Deuteronomium 6:4-7; Spreuken 22:6.

It docht bern goed komplimintsjes en oanmoediging te krijen. Mar se hawwe ek korreksje en regels nedich. Troch jimme bern sa grut te bringen beskermje jimme harren tsjin misstappen dêr’t sy letter spyt fan krije (Spreuken 22:15). Mar terjochtwizing mei nea hurdhannich of wreed wêze.Lês Kolossers 3:21.

Jehovah’s Getugen hawwe ferskate boeken publisearre dy’t spesjaal skreaun binne om âlders en bern te helpen. Dizze boeken binne basearre op de Bibel.Lês Psalm 19:8, 12.