Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

God hat goed nijs foar ús!

 LES 4

Wa is Jezus Kristus?

Wa is Jezus Kristus?

1. Hoe is it libben fan Jezus begûn?

Wêrom wiene minsken, jong en âld, graach by Jezus?MATTÉUS 11:29; MARKUS 10:13-16.

Oars as alle oare minsken libbe Jezus as in ingel yn ’e himel foardat er op ierde berne waard (Johannes 8:23). Hy wie Gods earste skepping en hy holp by it skeppen fan alle oare dingen. Hy is de iennige dy’t rjochtstreeks troch Jehovah sels makke is en wurdt dêrom mei rjocht en reden Gods “Ienlingssoan” neamd (Johannes 1:14). Jezus tsjinne as Gods Wurdfierder en wurdt dêrom ek “it Wurd” neamd.Lês Spreuken 8:22, 23; Kolossers 1:15, 16.

2. Wêrom kaam Jezus nei de ierde?

God stjoerde syn Soan nei de ierde troch syn libben út de himel wei oer te bringen nei de skoat fan Maria, in Joadske faam. Jezus hie dus gjin minsklike heit (Lukas 1:30-35). Jezus kaam nei de ierde om (1) de wierheid oer God te ûnderwizen, (2) in foarbyld te jaan hoe’t wy Gods wil dwaan kinne, sels by swierrichheden, en (3) om syn folmakke libben te jaan as “lospriis”.Lês Mattéus 20:28.

3. Wêrom hawwe wy in lospriis nedich?

In lospriis is de priis dy’t betelle wurdt om ien frij te keapjen fan de dea (Exodus 21:29, 30). Dea en âlderdom wiene gjin ûnderdiel fan Gods oarspronklike foarnimmen foar de mins. Hoe witte wy dat? God sei tsjin de earste mins Adam dat hy stjerre soe wannear’t hy, sa’t de Bibel it seit, sûndigje soe. As Adam net sûndige hie, wie er dus nea stoarn (Genesis 2:16, 17; 5:5). Sa’t yn de Bibel stiet, is troch Adam de dea  “yn ’e wrâld kommen”. It gefolch wie dat Adam sûnde en de straf op sûnde, de dea, trochjoech oan al syn neikommelingen. Wy hawwe dus in lospriis nedich om ús te ferlossen fan de dea, de straf dy’t wy fan Adam urven hawwe.Lês Romeinen 5:12; 6:23.

Wa soe de lospriis betelje kinne om ús frij te keapjen fan de dea? As wy dea geane, betelje wy allinne de straf foar ús eigen sûnden. Gjin inkeld ûnfolmakke mins kin betelje foar de sûnden fan in oar.Lês Psalm 49:8-10.

4. Wêrom is Jezus stoarn?

Jezus wie oars as ús, hy wie folmakke oftewol hy hat nea sûndige. Hy hoegde dus net te stjerren foar syn sûnden. Yn plak dêrfan stoar hy foar de sûnden fan oaren. Wat in grutte leafde toande God foar minsken troch syn Soan te stjoeren om foar ús te stjerren. En tink ris oan de leafde dy’t Jezus foar ús toande troch te lústerjen nei syn Heit en syn libben te jaan foar ús sûnden.Lês Johannes 3:16; Romeinen 5:18, 19.

5. Wat docht Jezus no?

Doe’t Jezus op ierde wie, makke hy de siken better, joech de deaden in opstanning en holp minsken dy’t der slim ta sieten. Dêrmei liet er sjen wat hy yn de takomst dwaan sil foar alle minsken dy’t nei God lústerje (Mattéus 15:30, 31; Johannes 5:28). Neidat Jezus stoarn wie, hat God him it libben weromjûn as in geast (1 Petrus 3:18). Jezus wachte doe oan Gods rjochterhân oant Jehovah him de macht joech om as Kening te regearjen oer de hiele ierde (Hebreeërs 10:12, 13). Jezus regearret no as Kening yn ’e himel en syn folgelingen meitsje dat goede nijs oeral op ierde bekend.Lês Daniël 7:13, 14; Mattéus 24:14.

Meikoarten sil Jezus syn Keningsmacht brûke om in ein te meitsjen oan al it lijen en oan de minsken dy’t dat feroarsaakje. Elkenien dy’t yn Jezus leaut en docht wat hy seit mei yn in paradys op ierde libje.Lês Psalm 37:9-11.