1. Wêrom moatte wy God oanbidde?

De wiere God is de Skepper fan alles. Hy hat gjin begjin hân en sil ek nea in ein hawwe (Psalm 90:2). It goede nijs út de Bibel komt fan him (1 Timóteüs 1:11). Omdat God ús it libben jûn hat, moatte wy allinne him oanbidde.​—Lês Iepenbiering 4:11.

2. Wat moatte wy ús by God foarstelle?

Gjin mins hat oait God sjoen want hy is in Geast. Dat betsjut dat hy in hegere libbensfoarm is as de fysike skepsels op ierde (Johannes 1:18; 4:24). Dochs kinne wy Gods persoanlikheid weromsjen yn de dingen dy’t hy makke hat. It ferskaat oan fruit en blommen bygelyks seit in soad oer syn leafde en wiisheid. It enoarme universum fertelt ús oer syn krêft.​—Lês Romeinen 1:20.

Wy kinne noch mear oer Gods persoanlikheid te witten komme troch de Bibel te lêzen. Der stiet bygelyks yn wêr’t God fan hâldt en wêr’t hy net fan hâldt, hoe’t hy mei minsken omgiet en wat syn reaksje is yn ferskillende situaasjes.​—Lês Psalm 103:7-10.

3. Hat God in namme?

Jezus sei: “Us Heit yn ’e himel, lit jo namme hillige wurde” (Mattéus 6:9). Ek al hat God in protte titels, hy hat mar ien namme. Yn elke taal wurdt dizze namme oars útsprutsen. Yn it Frysk wurdt “Jahwe” of “Jehovah” sein.​—Lês Exodus 34:6.

Gods namme is út in soad Bibels weilitten en ferfongen troch de titels Heare of God. Mar doe’t de Bibel skreaun waard, stie Gods namme der sa’n 7.000 kear yn. Jezus makke Gods namme bekend doe’t er de minsken ûnderwiis joech oer God.​—Lês Johannes 17:26.

 4. Jout Jehovah om ús?

Lykas dizze leave heit, docht God wat op lange termyn it bêste foar ús is

Betsjut it lijen yn ʼe wrâld dat Jehovah in God is dy’t net om ús jout? Guon minsken beweare dat hy ús lije lit om ús te testen. Mar dat is net wier.​—Lês Jakobus 1:13.

God hat ús weardichheid ferliend troch ús in frije wil te jaan. Binne wy net bliid dat wy sels kieze meie oft wy God oanbidde wolle (Jozua 24:15)? Dochs kieze in soad minsken derfoar om oaren ûnrjocht oan te dwaan. Dêrom is der sa’n soad lijen. It begruttet Jehovah om al dat ûnrjocht te sjen.​—Lês Genesis 6:5, 6.

Jehovah jout om ús. Hy wol dat wy fan it libben genietsje. Meikoarten sil hy in ein meitsje oan pine en fertriet en de minsken dy’t dat feroarsaakje. Yn ’e tuskentiid hat hy in goede reden om it lijen tydlik ta te litten. Yn les 8 wurdt útlein wat dy reden is.​—Lês 2 Petrus 2:9; 3:7, 13.

5. Hoe kinne wy in bân mei God krije?

Jehovah wol graach dat wy in bân mei him krije troch yn gebed mei him te praten. Hy hat belangstelling foar elk fan ús persoanlik (Psalm 65:3; 145:18). Boppedat wol hy ús graach ferjaan. Hy sjocht dat wy ús bêst dogge om te dwaan wat hy wol, sels al slagget dat net altyd. Dat al binne wy net perfekt, wy kinne echt in goede bân mei Jehovah hawwe.​—Lês Psalm 103:12-14; Jakobus 4:8.

Omdat Jehovah ús it libben jûn hat, moatte wy mear fan him hâlde as fan wa mar ek (Markus 12:30). Troch mear oer God te witten te kommen en te dwaan wat hy seit, litte wy sjen dat wy fan him hâlde en sil ús bân mei him hieltyd hechter wurde.​—Lês 1 Timóteüs 2:4; 1 Johannes 5:3.