Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

God hat goed nijs foar ús!

 LES 15

Wêrom mear oer Jehovah leare?

Wêrom mear oer Jehovah leare?

1. Wêrom is it goed om troch te gean mei it bestudearjen fan de Bibel?

Troch dit oersjoch fan basislearstellingen út de Bibel hawwe jo sûnder mis mear leafde foar Jehovah krigen. Dizze leafde hat konstant oandacht nedich om sterker te wurden (1 Petrus 2:2). Jo hoop op ivich libben hinget derfan ôf oft jo trochgeane jo bân mei God sterker te meitsjen troch syn Wurd te bestudearjen.Lês Johannes 17:3; Judas 21.

Wat better as jo God kennen leare, wat sterker as jo geloof wurdt. Geloof sil jo helpe te dwaan wat God bliid makket (Hebreeërs 11:1, 6). It sil jo derta oansette berou te hawwen fan fouten dy’t jo makke hawwe en positive feroaringen yn jo libben oan te bringen.Lês Hannelingen 3:19.

2. Hoe kinne jo oaren helpe mei wat jo leard hawwe oer God?

Jo kinne in spesjale bân mei Jehovah krije

It is hiel logysk dat jo oaren graach fertelle wolle oer wat jo leard hawwe—wy meie allegearre graach goed nijs fertelle. As jo trochgeane mei it bestudearjen fan ʼe Bibel, sille jo leare de Bibel te brûken om út te lizzen wêrom’t jo yn Jehovah en it goede nijs leauwe.Lês Romeinen 10:13-15.

De measten fertelle earst famylje en freonen oer it goede nijs. Mar wês taktfol. Fertel harren oer Gods beloften yn stee fan ôf te jaan op harren religy. Hâld ek goed foar eagen dat minsken meastentiids mear ûnder de yndruk binne fan hoe’t jo dogge as fan wat jo sizze.Lês 2 Timóteüs 2:24, 25.

3. Watfoar bân kinne jo mei God hawwe?

In stúdzje fan de Bibel sil jo freonskip mei God sterker meitsje. Uteinlik sille jo in hiel spesjale bân mei Jehovah krije. Jo meie by syn gesin hearre en hy sil jo Heit wêze.Lês 2 Korintiërs 6:18.

 4. Hoe no fierder?

Troch fierder te gean mei jo stúdzje fan Gods Wurd, leare jo de prinsipes út de Bibel ta te passen (Hebreeërs 5:13, 14). Freegje ien fan Jehovah’s Getugen om mei jo de Bibel te bestudearjen mei it boek Wat leert de bijbel echt? Wat mear as jo leare út Gods Wurd, nammerste better sil jo libben derop wurde.Lês Psalm 1:1-3; 73:27, 28.

It goede nijs komt fan Jehovah, de sillige oftewol gelokkige God. Jo kinne in bân mei Jehovah krije troch mei minsken om te gean dy’t nei him lústerje (Hebreeërs 10:24, 25). As jo dermei trochgeane te libjen sa’t Jehovah dat graach wol, kinne jo útsjen nei it wiere libben—it ivige libben. In sterke bân opbouwe mei Jehovah is wier it alderbêste dat jo dwaan kinne.Lês 1 Timóteüs 1:11; 6:19.