1. Is elke religy goed?

Yn elke religy kinne jo oprjochte minsken fine. It is goed nijs dat God omtinken hat foar dizze minsken en om harren jout. Spitigernôch is religy foar ferskriklike dingen brûkt (2 Korintiërs 4:3, 4; 11:13-15). Yn it nijs lêze wy dat guon religys sels belutsen binne by terrorisme, genoside, oarloch en misbrûk fan bern. Dit grypt oprjochte minsken dy’t yn God leauwe tige oan!​—Lês Mattéus 24:3-5, 11, 12.

Wylst wiere religy God earet, stiet falske religy him net oan. Falske religy ûnderwiist saken dy’t net yn de Bibel steane, bygelyks falske learstellingen oer God en oer de dea. Mar Jehovah wol dat minsken de wierheid oer him witte.​—Lês Preker 9:5; 1 Timóteüs 2:3-5.

2. Wat is it goede nijs oer religy?

God lit him gelokkich net misliede troch religys dy’t it foarkomme litte as hâlde se fan him, mar yn wêzen fan Satans wrâld hâlde (Jakobus 4:4). Yn de Bibel wurde alle falske religys byelkoar “it grutte Babylon” neamd. Babylon, of Babel, wie de stêd út de âldheid dêr’t falske religy begûn nei de grutte wetterfloed yn Noäch syn tiid. Meikoarten sil God yn ien kear in ein meitsje oan de religys dy’t minsken misliede en ûnderdrukke.​—Lês Iepenbiering 17:1, 2, 5, 16, 17; 18:8.

Mar der is mear goed nijs! Jehovah ferjit oprjochte minsken dy’t no noch diel útmeitsje fan falske religy net. Hy ferieniget dizze minsken troch harren de wierheid te learen.​—Lês Micha 4:2, 5.

 3. Wat moatte oprjochte minsken dwaan?

Wiere religy ferieniget minsken

Jehovah jout om minsken dy’t fan wierheid hâlde en dwaan wolle wat goed is. Hy trunet harren oan om fuort te gean út falske religy. Minsken dy’t fan God hâlde en him bliid meitsje wolle, sille harren graach oan him oanpasse.​—Lês Iepenbiering 18:4.

Yn de earste iuw, doe’t oprjochte minsken it goede nijs hearden fan de apostels wiene se tige bliid. Jehovah learde harren in nije en gelokkiger manier fan libjen, no hiene se in doel en in hoop foar de takomst. Dizze minsken binne in goed foarbyld foar ús, want sy lústeren nei it goede nijs troch Jehovah it belangrykste plak yn harren libben te jaan.​—Lês 1 Tessaloníkers 1:8, 9; 2:13.

Jehovah lit minsken dy’t falske religy ferlitte graach ta yn syn húsgesin fan oanbidders. As jo yngeane op Jehovah’s hertlike útnoadiging, dan sille jo der syn freonskip, in nije en leave famylje fan oanbidders fan Jehovah en ivich libben foar weromkrije.​—Lês Markus 10:29, 30; 2 Korintiërs 6:17, 18.

4. Hoe sil God elkenien gelokkich meitsje?

De takomstige feroardieling fan falske religy is goed nijs, omdat de wrâld dan befrijd wêze sil fan ûnderdrukking. Nea wer sil falske religy ferdieldheid bringe of minsken misliede. Elkenien dy’t dan libbet sil ferienige wêze yn de oanbidding fan de iennichste wiere God.​—Lês Iepenbiering 18:20, 21; 21:3, 4.