Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

God hat goed nijs foar ús!

 LES 3

Komt it goede nijs echt fan God?

Komt it goede nijs echt fan God?

1. Wa is de Auteur fan de Bibel?

It goede nijs dat minsken foar ivich op ierde libje sille stiet yn de Bibel (Psalm 37:29). De Bibel bestiet út 66 lytsere boeken. God brûkte sa’n 40 trouwe mannen om dizze boeken te skriuwen. De earste fiif boeken binne sa’n 3.500 jier lyn troch Mozes skreaun. It lêste boek is mear as 1.900 jier lyn skreaun troch de apostel Johannes. Wa syn gedachten skreaunen dizze mannen op? Sy skreaunen Gods gedachten op, net dy fan harrensels. God brûkte syn hillige geast om syn gedachten oer te bringen (2 Samuël 23:2). Mei oare wurden, Jehovah is de Auteur fan de Bibel.Lês 2 Timóteüs 3:16; 2 Petrus 1:20, 21.

2. Hoe kinne wy witte dat de Bibel it Wurd fan God is?

Wy witte dat de Bibel fan God ôfkomstich is om’t dêr sekuer de takomst yn foarsein wurdt. Gjin mins kin dat (Jozua 23:14). Allinne de Almachtige God kin presys de takomst fan de minskheid foarsizze.Lês Jesaja 42:9; 46:10.

Wy soene fan in boek fan God ferwachtsje meie dat it unyk is. En dat is de Bibel ek. Der binne miljarden eksimplaren fan de Bibel ferspraat yn hûnderten talen. Alhoewol’t de Bibel in âld boek is, kloppet de ynhâld mei wittenskiplike feiten. Dêr komt by dat de 40 skriuwers elkoar net tsjinsprekke. * Boppedat blykt Gods leafde ûnmiskenber út wat der yn de Bibel stiet en hat it no noch altyd de krêft it libben fan minsken te ferbetterjen. Dizze feiten hawwe miljoenen minsken derfan oertsjûge dat de Bibel Gods Wurd is.Lês 1 Tessaloníkers 2:13.

 3. Wêr giet de Bibel oer?

God hat yn syn leafde in prachtich foarnimmen mei de mins. Dat goede nijs is in belangryk tema fan de Bibel. Der wurdt yn útlein hoe’t de mins al betiid yn de minsklike skiednis it foarrjocht om yn in paradys op ierde te wenjen kwytrekke en hoe’t dizze ierde úteinlik wer in paradys wurde sil.Lês Iepenbiering 21:4, 5.

Der steane ek wetten, prinsipes en advizen yn Gods Wurd. Ek stiet der yn de Bibel beskreaun hoe’t God mei minsken omgiet. Troch dizze foarbylden kinne wy te witten komme watfoar persoan God is. Sa kin de Bibel ús helpe God kennen te learen. Der wurdt yn útlein hoe’t wy in freon fan God wurde kinne.Lês Psalm 19:8, 12; Jakobus 2:23; 4:8.

4. Hoe kinne jo de Bibel begripe?

Dizze brosjuere sil jo helpe de Bibel te begripen en hâldt hjirfoar deselde metoade oan as dy’t Jezus brûkte. Hy helle ferskate Bibelteksten oan en joech útlis “om de Skriften te ferstean”.Lês Lukas 24:27, 45.

Der is net in soad dat sa bysûnder is as it goede nijs fan God. Dochs binne der minsken dy’t harren der neat fan oanlûke, en oaren ergerje harren der sels oan. Mar lit jo jo der net fan ôfbringe God kennen te learen. Jo hoop op ivich libben hinget derfan ôf.Lês Johannes 17:3.

 

^ ¶3 Sjoch de brosjuere Een boek voor alle mensen.