Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

God hat goed nijs foar ús!

 LES 12

Hoe kinne wy in freon fan God wurde?

Hoe kinne wy in freon fan God wurde?

1. Lústeret God nei alle gebeden?

God wol graach dat elkenien him yn gebed benaderet (Psalm 65:3). Mar hy lústeret net nei alle gebeden. Bygelyks, as in man syn frou mishannelet, dan kin dat syn gebeden yn ʼe wei stean (1 Petrus 3:7). Ek doe’t de Israeliten stiif fêstholden oan harren ferkeardens, woe God net langer nei harren gebed lústerje. It gebed is dus in bysûnder foarrjocht. Dochs sil God it gebed akseptearje fan immen dy’t slim ferkeard dien hat mar berou toant.Lês Jesaja 1:15; 55:7.

2. Hoe moatte wy bidde?

Gebed is ûnderdiel fan ús oanbidding fan de Skepper, Jehovah, en dêrom moatte wy allinne ta him bidde (Mattéus 4:10; 6:9). En omdat gjinien fan ús folmakke is, moatte wy yn Jezus’ namme bidde want hy is foar ús sûnden stoarn (Johannes 14:6). Jehovah wol net dat ús gebeden oplêzen of út de holle oprabbele wurde. Hy wol just dat ús gebed út it hert komt.Lês Mattéus 6:7; Filippiërs 4:6, 7.

Us Skepper lústeret sels nei stille gebeden (1 Samuël 1:12, 13). Wy meie fan him op elk momint bidde, bygelyks moarns, jûns, foar it iten en as wy swierrichheden hawwe.Lês Psalm 55:23; Mattéus 15:36.

3. Wêrom komme kristenen byinoar?

It is net maklik om in freonskip mei God op te bouwen wylst in soad minsken om ús hinne net yn God leauwe en syn belofte fan frede op ierde bespotlik fine  (2 Timóteüs 3:1, 4; 2 Petrus 3:3, 13). Dêrom hawwe wy de oanmoedigjende omgong mei ús geloofsgenoaten nedich en oarsom.Lês Hebreeërs 10:24, 25.

Omgean mei minsken dy’t fan God hâlde, helpt ús in freon fan him te wurden. Op de byienkomsten fan Jehovah’s Getugen hawwe wy de gelegenheid om ús sterkje te litten troch it geloof fan oaren.Lês Romeinen 1:11, 12.

4. Hoe kinne wy in freon fan God wurde?

Wy kinne in freon fan Jehovah wurde troch djip nei te tinken oer dat wat wy út syn Wurd leare. Oertink syn dieden, syn rie en syn beloften. Troch dêr ûnder gebed oer nei te tinken krije wy djippe wurdearring foar Gods leafde en wiisheid.Lês Jozua 1:8; Psalm 1:1-3.

Wy kinne allinne in freon fan God wêze as wy him fertrouwe, as wy yn him leauwe. Mar lykas in plant wetter nedich hat, moatte wy ús leauwen konstant wetter jaan troch te ûndersykjen wat wy leauwe en wêrom’t wy dat leauwe.Lês Mattéus 4:4; Hebreeërs 11:1, 6.

5. Wêrom is freonskip mei God goed foar ús?

Jehovah jout om minsken dy’t fan him hâlde. Hy kin ús beskermje tsjin alles wat ús leauwen en hoop op it ivige libben yn gefaar bringe kin (Psalm 91:1, 2, 7-10). Hy warskôget ús foar in manier fan libjen dy’t ús it gelok en ús sûnens benimt. Jehovah leart ús hoe’t wy it bêste libje kinne.Lês Psalm 73:27, 28; Jakobus 4:4, 8.