Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Trochgean nei de inhâldsopjefte

Jehovah’s Getugen

Frysk

God hat goed nijs foar ús!

 LES 11

Wêrom binne Bibelske prinsipes goed foar ús?

Wêrom binne Bibelske prinsipes goed foar ús?

1. Wêrom hawwe wy lieding nedich?

Hokker Bibelske prinsipes litte ús neitinke oer ús feilichheid en dy fan in oar?PSALM 36:10.

Us Skepper is wizer as wy. Hy soarget foar ús as in leave Heit. It wie net syn bedoeling dat wy ûnôfhinklik fan him troch it libben gean soene (Jeremia 10:23). Dêrom hawwe wy allegearre de lieding fan God nedich, krekt sa’t in lyts bern lieding nedich hat fan syn heit en mem (Jesaja 48:17, 18). Bibelske prinsipes soargje foar lieding. Dat is in geskink fan God.Lês 2 Timóteüs 3:16.

Jehovah’s wetten en prinsipes leare ús hoe’t wy no it bêste libje kinne en hoe’t wy yn de takomst foar altyd gelokkich wêze kinne. Omdat God ús makke hat, is it net mear as logysk dat wy tankber syn lieding folgje.Lês Psalm 19:8, 12; Iepenbiering 4:11.

2. Wat binne Bibelske prinsipes?

Bibelske prinsipes binne fûnemintele wierheden, wylst wetten fan tapassing wêze kinne op spesifike situaasjes (Deuteronomium 22:8). Wy moatte sels goed neitinke om te begripen hoe’t in prinsipe yn in beskate situaasje fan tapassing is (Spreuken 2:10-12). Sa leart de Bibel ús bygelyks dat it libben in geskink fan God is. Dat prinsipe kin ús helpe op ús wurk, thús of ûnderweis. It soarget derfoar dat wy tinke om ús eigen feilichheid en dy fan in oar.Lês Hannelingen 17:28.

3. Hokker twa prinsipes binne it foarnaamst?

Jezus hie it oer twa prinsipes dy’t fan it grutste belang binne. It earste makket dúdlik wat it doel fan it libben is—God kenne, fan him hâlde en him trou tsjinje. Dit earste prinsipe moat meinommen wurde yn elk beslút dat wy nimme  (Spreuken 3:6). Elk dy’t neffens dit prinsipe libbet sil in freon fan God wurde, echt gelokkich wêze en úteinlik ivich libje.Lês Mattéus 22:36-38.

It twadde prinsipe helpt ús om yn frede mei elkoar te libjen (1 Korintiërs 13:4-7). It tapassen fan dit twadde prinsipe hâldt yn dat wy Gods wize fan hoe’t hy mei minsken omgiet neifolgje.Lês Mattéus 7:12; 22:39, 40.

4. Wêrom binne Bibelske prinsipes goed foar ús?

Bibelske prinsipes leare gesinnen hoe’t leafde harren ferbynt (Kolossers 3:12-14). Gods Wurd jout ek noch in oar prinsipe dat in gesin beskermet—dat it houlik bliuwend wêze moat.Lês Genesis 2:24.

Neffens Bibelske prinsipes libje kin ús beskermje yn materieel en emosjoneel opsicht. Wurkjouwers bygelyks jouwe faak de foarkar oan minsken dy’t libje neffens de Bibelske prinsipes oer earlikheid en warberens (Spreuken 10:4, 26; Hebreeërs 13:18). Gods Wurd leart ek dat wy tefreden wêze moatte mei de dingen dy’t needsaaklik binne en freonskip mei God boppe materiële saken stelle moatte.Lês Mattéus 6:24, 25, 33; 1 Timóteüs 6:8-10.

It tapassen fan prinsipes út de Bibel kin ek ús sûnens beskermje (Spreuken 14:30; 22:24, 25). Sa kin fêsthâlde oan Gods wet oer dronkenskip ús beskermje tsjin deadlike sykten en ûngelokken (Spreuken 23:20). Jehovah ferbiedt ús net om alkohol te drinken, mar it mei nea tefolle wêze (Psalm 104:15; 1 Korintiërs 6:10). Gods prinsipes binne goed foar ús om’t se ús leare net allinne ús dwaan en litten, mar ek ús tinken te hoedzjen (Psalm 119:97-100). Dochs respektearje wiere kristenen Gods oanwizingen net inkeld om der sels better fan te wurden. Sy dogge it om Jehovah ear te jaan.Lês Mattéus 5:14-16.