Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Jehovah’s Getugen

Frysk

Wat makket in gesin gelokkich?

Wat makket in gesin gelokkich?

Is dat neffens jo . . .

  • leafde?

  • jild?

  • wat oars?

 WAT SEIT DE BIBEL?

“Gelokkich binne jimme, as jimme der neffens dogge.” — Johannes 13:17, Nije Fryske Bibeloersetting.

WAT KIN DAT FOAR JO BETSJUTTE?

Leafde. — Efeziërs 5:28, 29.

Respekt. — Efeziërs 5:33.

Waarmte en feilichheid. — Markus 10:6-9.

 KINNE WY ECHT LEAUWE WAT DE BIBEL SEIT?

Ja, omreden fan:

  • God is de grûnlizzer fan it gesin. De Bibel seit dat it gesin syn oarsprong hat by Jehovah (Genesis 2:18-24). Mei oare wurden, it gesin bestiet om’t dy regeling troch Jehovah ynsteld is. Wêrom is dat wichtich?

    Tink hjir ris oer nei: Jo genietsje fan in lekker miel en binne benijd nei wat deryn sit. Oan wa soene jo dat dan freegje? Oan de persoan dy’t it klearmakke hat fansels!

    Wolle wy dus witte wat der nedich is foar in gelokkich gesin, dan moatte wy te riede gean by Him dy’t it gesin foarme hat, Jehovah.

  • God jout om jo. In gesin docht der goed oan de rie dy’t Jehovah fia syn Wurd jout op te folgjen, want “jimme geane Him oan it hert” (1 Petrus 5:6, 7). Jehovah wol it bêste foar jo, en syn rie wurket altyd! — Spreuken 3:5, 6; Jesaja 48:17, 18.

 OM OER NEI TE TINKEN

Hoe kinne jo in goede man, frou of âlder wêze?

De Bibel jout antwurd op dy fraach yn EFEZIËRS 5:1, 2 en KOLOSSERS 3:18-21.