Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Jehovah’s Getugen

Frysk

Kinne de deaden opnij libje?

Kinne de deaden opnij libje?

Wat tinke jo?

  • Ja

  • Nee

  • Miskien

 WAT SEIT DE BIBEL?

‘Der sil in ferrizenis [opstanning] wêze.’ — Hannelingen 24:15, Nije Fryske Bibeloersetting.

WAT KIN DAT FOAR JO BETSJUTTE?

Treast fine as ien fan wa’t je hâlde, stjert. — 2 Korintiërs 1:3, 4.

Gjin syklike eangst mear foar de dea. — Hebreeërs 2:15.

De hope om ús famylje en freonen wer werom te sjen. — Johannes 5:28, 29.

 KINNE WY ECHT LEAUWE WAT DE BIBEL SEIT?

Ja, omreden fan:

  • God is de Skepper fan it libben. De Bibel neamt Jehovah, God, “de boarne fan it libben” (Psalm 36:10; Hannelingen 17:24, 25). Hy dy’t eltsenien it libben jûn hat, kin fêst ien dy’t stoarn is opnij it libben weromjaan.

  • God hat yn it ferline minsken it libben opnij weromjûn. De Bibel neamt acht foarbylden fan minsken — jong, âld, man en frou — dy’t ta it libben op ierde werombrocht binne. Guon wiene krekt stoarn, mar ien fan harren lei al fjouwer dagen yn it grêf! — Johannes 11:39-44.

  • God wol hiel graach de deaden it libben weromjaan. Jehovah hat in ôfgryslike hekel oan ’e dea; foar him is de dea in fijân (1 Korintiërs 15:26). Hy sjocht der nei út om dy fijân te ferslaan en de dea ûngedien te meitsjen troch de opstanning. Hy hat der tige langst nei om minsken dy’t hy yn syn ûnthâld hat wer op ierde libjen te sjen. — Job 14:14, 15.

 OM OER NEI TE TINKEN

Wêrom wurde wy âld en moatte wy stjerre?

De Bibel jout antwurd op dy fraach yn GENESIS 3:17-19 en ROMEINEN 5:12.