Trochgean nei de ynhâld

Trochgean nei it sekundêr menu

Jehovah’s Getugen

Frysk

Wat tinke jo fan de Bibel?

Wat tinke jo fan de Bibel?

Is de Bibel neffens jo . . .

  • in boek mei minsklike wiisheid?

  • in boek mei moaie ferhalen?

  • it Wurd fan God?

 WAT SEIT DE BIBEL?

“Elk Skriftwurd is troch God ynjûn.” — 2 Timóteüs 3:16, Nije Fryske Bibeloersetting.

WAT KIN DAT FOAR JO BETSJUTTE?

Dúdlike antwurden op de grutte fragen fan it libben. — Spreuken 2:1-5.

Betroubere rie foar it deistich libben. — Psalm 119:105.

In fêste hoop foar de takomst. — Romeinen 15:4.

 KINNE WY ECHT LEAUWE WAT DE BIBEL SEIT?

Ja, omreden fan:

  • Opmerklike harmony. De Bibel is skreaun oer in perioade fan 1600 jier troch sa’n 40 man. De measten hawwe inoar nea sjoen of sprutsen. Dochs foarmet de Bibel ien gehiel, mei ien haadtema!

  • Betroubere skiednis. In protte skiedskriuwers litte de ferliezen fan harren folk gewoanwei fuort. Mar de Bibelskriuwers hawwe harren eigen flaters en dy fan harren folk earlik opskreaun. — 2 Kroniken 36:15, 16; Psalm 51:3-6.

  • Foarsizzings dy’t útkomme. De Bibel foarsei de ûndergong fan de âlde stêd Babel sa’n 200 jier foarôf (Jesaja 13:17-22). Der waard net allinne sein hoe’t Babel ferovere wurde soe, mar sels syn oerwinner waard by namme neamd! — Jesaja 45:1-3.

    Der steane yn ’e Bibel noch folle mear foarsizzings dy’t sekuer útkommen binne. Dat is ek krekt wat we ferwachtsje meie fan it Wurd fan God — 2 Petrus 1:21.

 OM OER NEI TE TINKEN

Hoe kin de Bibel jo libben ferbetterje?

De Bibel jout antwurd op dy fraach yn JESAJA 48:17, 18 en 2 TIMÓTEÜS 3:16, 17.